In tige slagge optocht.
Foar Twizelerheide, Sweagerbosk en de Westereen-súd is it tongersdeitemoarn betiid dei. De optocht stiet op it program fan it Heidefeest 2010.
Alhoewol de loft swier is fan wolken en it ek noch wolris efkes knap wiet is, lit men har net fan ‘e wize bringen en wurdt der troch riden.
En de optocht kin seker besjen lije! Mear as tritich fersierde weinen en auto’s en sa en dêrby noch seker 100 fersierde fytsen en oar ridend materiaal, mar ek ferskate rinners, faak ek yn lytse groepkes by elkoar hearrend soargje foar in alderkostliks gehiel.
De priiswinners.
De earste priis is foar ‘Assepoester’. De sjuery is fol lof oer de krekte útfiering en de sprookjeseftige útstrieling.
Ali Baba krige de twadde priis taskikt. In prachtige grot luts de oandacht, werklik oeral is goed oer neitocht en goed útwurke.
Miskien stean der wat te folle persoanen op de wein, it makket it gehiel wat minder oersichtlik.
De Indische Waterlelies hat de tredde priis yn de wacht sleept. It jueryrapport meld in moai gehiel om te sjen. Mar miskien dat de
ôfwurking fan de leeljes noch wat better koe.
De fjirde priis is foar ‘De 3 biggetjes’. Past fansels moai binnen it tema. De ôfwurking hie noch wol wat beter kind.
De sprookjesbeam krige de fyfde priis mei in treffende sprookjes/mearkesfear.
En de sechsde priis is foar ‘De wolf en de 7 geitjes’ In bekend mearke, mar de makkers ha neffens de sjuery werklik oeral oan tocht.
Dêrneist ha de Wizzerd, Repelsteeltje en Kiek ‘m goan in earfolle fermelding krige.
De publykspriis is ek mei oerweldigjende mearderheid foar ‘Assepoester’.
Ek de ‘Rattenvanger van Hamelen’ krige noch al wat foarkarstimmen, mar op dizze skoallewein fan de Reinbôge sieten dan ek safolle kleuterkes en blykber elk mei syn eigen relaasjes ûnder it publyk.
De fyfde priis fan de optocht foar fersierde weinen fan it Heidefeest 2010 is, nettsjinsteande in flater fan de organisaasje,
dochs echt troch de sjuery oan it ‘Sprookjesbos’ fan de buertferiening fan it Wyldpaed Oast “Nea tocht” takend.
Spitigernôch
is de priiskaart earst oan de wein mei in oare sprookjesbeam oerhandige, mar dit is neitiids mei de ekskuses fan de
organisaasje rjochtsetten wurden.
By de fersierde fytsen giene ‘De duiveltjes in doosje’ alhiel terjochte mei de earste priis nei hûs. Mei in alhiel ta de lytste puntsjes
ta kompleet fersoarge gehiel luts dizze kombinaasje de oandacht.
‘Sneeuwwitje’ krige de twadde priis. Ek hiel kreas makke en alles sels dien.
De rose heksen uit Disney’ giene der mei de tredde priis fantroch. It sjocht der leuk en goed fersoarge út, allinnich wat spitich fan
de maskers.
De fjirde priis is foar ‘De sneeuwkoningin’ Leuk betocht, goed fersoarge oanblik.
De fiifde priis is foar ‘Klein duimpje en de reus’ en de
sechde priis is foar ‘Fietse en fladderje’
Earfolle fermeldings binne takend oan ‘Klaas Vaak met haar zandkabouters’, ‘Oranje’, ‘Heksen op de de fiets’,
‘Tinkelbel’ en de bakfiets met mijn allerliefste.. erin.
‘s Avonds is de ferkorte route gereden.
Wij willen alle deelnemers bedanken voor de prachtige uitvoeringen van het de ordentelijk verlopen optocht.
|